Denewet
Appearance
(Trochferwiisd fan Danelaw)

It Denewet-gebiet is yn giel.
De Denewet wie in troch Deenske Wytsingen kolonisearre gebiet yn Noard-Ingelân yn de 9e en 10e iuw.
Nei de Slach by Edington yn 878 hie kening Alfred de Grutte fan Wesseks yn Ingelân de oprukkende Denen witten te ferslaan. De slach twong de Denen, dy't har yn hieliten gruttere oantallen yn Ingelân fêstigen, ta de ûnderhannelingstafel.
Uteinlik waard de Denen in eigen gebiet yn Ingelân tawiisd, dêr't se harren eigen wetten jilde litte koenen: de Denewet. Dit ferdrach brocht lykwols gjin frede. Ut see en de Denewet wei gienen de Deenske Wytsingen Ingelân en Wesseks troch mei oanfallen, oant kening Aetelstan de Denen begjin 10e iuw fersloech.