Springe nei ynhâld

New York (stêd)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan New York City)
New York
Emblemen
            
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat New York (steat)
Gemeente New York (stêd)
Sifers
Ynwennertal8.584.629 (2025)
Oerflak1.214 km² (ynkl. wetter)
783 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht.10.963 / km²
Stêdekloftlikernôch 19,9 miljoen (2025)
Hichte10 m
Oar
Stifting1624
TiidsôneUTC −5
SimmertiidUTC −4
Koördinaten40°40′20″N 73°56′40″W
Offisjele webside
www.nyc.gov
Kaart
New York (Feriene Steaten)
New York
Kaart
De lizzing fan New York yn de steat New York.

De stêd New York, of New York City (offisjeel City of New York), en byneamd The Big Apple, is de grutste stêd fan de Feriene Steaten fan Amearika. De stêd leit yn de steat New York, oan de mûning fan de rivier de Hudson oan de Atlantyske Oseaan. De stêd is in sintrum fan ynternasjonale hannel, polityk, kommunikaasje, muzyk, moade en kultuer. Mei in grut tal musea, galeryen, poadia, media, ynternasjonale koöperaasjes en gruthannels is New York ornaris ta ien fan de fjouwer wichtichste stêden op 'e wrâld.

De stêd bestiet út fiif boroughs: Manhattan, Brooklyn, Queens, The Bronx en Staten Island. Benammen Manhattan stiet bekend om syn wolkekliuwers, lykas it Empire State Building en One World Trade Center, en om ferneamde plakken as Times Square, Central Park en Wall Street. Ek it haadkertier fan de Feriene Naasjes is yn New York fêstige.

New York waard yn 1624 troch de Nederlanners stifte as Nij Amsterdam. Nei de Ingelske oermastering yn 1664 krige de stêd de namme New York. Troch de ieuwen hinne groeide de stêd út ta ien fan de wichtichste ekonomyske en kulturele sintra fan de wrâld en ta in symboal fan ymmigraasje, ûnder mear troch de ûntfangst fan miljoenen nijynkommelingen fia Ellis Island.

De regio hat bewenne west fan de Lenape-Yndianen doe't it yn 1524 ûntdutsen waard troch Giovanni da Verrazzano, in Italjaansk ûntdekkingsreizger yn tsjinst by de Frânske kening, dy't it "Nouvelle-Angoulême" (Nij-Angoulême). It echte kolonisearjen begûn mei de Nederlânske koloanje op itselde plak, dat letter de namme "Nij-Amsterdam" krige, op it súdlike punt fan Manhattan yn 1614. Nederlânsk koloniaal direkteur-generaal Peter Minuit kocht it eilân Manhattan fan de Lenape Indianen yn 1626. Yn 1664 feroveren de Britten de stêd en it krige de nije namme "New York", nei de Ingelske greve fan York en Albany. Oan 'e ein fan de Ingelsk-Nederlânske kriich krigen de Nederlanners Run (in eilân, dat gâns mear opsmyt as New York), en de Ingelsen Nij Amsterdam (New York). Under Britsk bewâld groeide de hannelstêd. Kening George II stifte yn 1754 de Universiteit fan Colombia yn Lower Manhattan. Yn 'e Amerikaanske ûnôfhinklikenskriich waard der ek fochten yn 'e stêd, de Amearikanen moasten har lykwols weromlûke, meidat de Britten sterker wienen. It kontinetale kongres kaam yn 'e stêd gear, en George Washington waard yn 1789 keazen as earste presidint fan de Feriene Steaten fan Amearika. New York bleau de haadsted oant 1790

Fort Amsterdam op Manhattan

Lilkens om 'e militêre tsjinstplicht wilens de Amerikaanske Boargerkriich (1861-1865) liede ta opskuor yn 1863, ien fan 'e slimste foarfallen boargerûnresten yn 'e Amerikaanske skiednis. Yn 1868 krige de City of New York stal mei it konsolidearjen fan Brooklyn (foarhinne in selsstannige stêd), Manhattan en lytsere gemeenten. Mei de komst fan de metro yn 1904 wie de stêd ferbûn. Yn 'e earste helte fan de 20e iuw waard de stêd wrâldferneamd om har yndustry, kommersy, en kommunikaasje.

Nei de Twadde Wrâldkriich waard New York de wichtichste stêd op 'e wrâld, mei Wall Street as symboal foar de Amerikaanske ekonomyske macht. Yn 1952 waard it haadkertier fan 'e Feriene Naasjes boud yn New York, hjirtroch waard de stêd in ynternasjonaal polityk sintrum fan belang. Troch it grutter wurden fan it Abstrakt ekspresjonisme yn New York, ferlear Parys de titel 'keunstsintrum fan 'e wrâld'.

Op 11 septimber 2001 waard de stêd troffen troch terroristyske oanslaggen, wêrby't sa'n 3,000 minsken stoaren en it World Trade Center ferneatige waard. De Freedom Tower komt op it plak fan it World Trade Center, en sil yn 2010 klear wêze.

Neffens in skatting fan it Amerikaanske Folkstellingsburo hie New York op 1 july 2025 8.584.629 ynwenners. Dêrmei is New York de grutste stêd fan de Feriene Steaten en ien fan de grutste stêden fan 'e wrâld. De stêd hat in lângebiet fan likernôch 783 km², wat in befolkingstichtens jout fan sa'n 10.963 ynwenners de km².

New York is it sintrum fan 'e New York metropolitan area, in stêdekloft dy't him útstrekt oer dielen fan 'e steaten New York, New Jersey en Connecticut. Yn it hiele metropoalgebiet wenje hast 20 miljoen minsken. It gebiet om New York hinne heart ta de grutste konsintraasjes fan befolking, ekonomy en kultuer yn 'e wrâld.

De befolking fan New York is sûnt de njoggentjinde iuw sterk groeid troch yndustrialisaasje en grutte ymmigraasjewellen. Yn 1900 wennen der sa'n 3,4 miljoen minsken yn 'e stêd. Nei de gearfoeging fan 'e fiif boroughs yn 1898 groeide New York út ta in wrâldstêd. Yn 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw berikte de befolking in hichtepunt fan mear as 7 miljoen minsken.

Nei in perioade fan befolkingsôfname yn 'e jierren 1970 is de stêd sûnt de jierren 1990 wer groeid. De groei waard benammen feroarsake troch nije ymmigraasje, ekonomyske groei en de weromkear fan minsken nei sintrale stedsgebieten.

Befolking nei borough

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

New York is bestjoerlik ferdield yn fiif boroughs, dy't tagelyk de fiif county's fan 'e stêd foarmje:

Borough Ynwennertal (skatting 2025) County
Brooklyn 2.617.631 Kings County
Queens 2.316.841 Queens County
Manhattan 1.660.664 New York County
The Bronx 1.384.724 Bronx County
Staten Island 498.212 Richmond County

Brooklyn en Queens binne de grutste boroughs. Manhattan hat minder ynwenners as Brooklyn en Queens, mar is troch de hege bebouwing en it grutte tal deistige pendelders it tichtst befolke en ekonomysk wichtichste diel fan 'e stêd.

Etnyske en kulturele gearstalling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

New York is ien fan 'e meast kultureel ferskaatste stêden fan 'e wrâld. Mear as in tredde fan 'e ynwenners is bûten de Feriene Steaten berne. Yn 'e stêd wenje minsken mei woartels yn hast alle lannen fan 'e wrâld.

Neffens folkstellingsgegevens bestiet de befolking út in grutte ferskaat oan groepen. Grutte groepen binne ûnder oaren minsken mei Latynsk-Amerikaanske eftergrûn, Afro-Amerikanen, blanke Amerikanen fan Jeropeeske komôf en Aziatyske Amerikanen. De grutste Aziatyske mienskippen yn 'e Feriene Steaten binne te finen yn New York, benammen yn Queens en Brooklyn.

Wichtige ymmigrantegroepen komme ûnder oare út: de Dominikaanske Republyk, Sina, Jamaika en oare Karibyske lannen, Guyana, Meksiko, Yndia, Ekwador, Bangladesj, Haïty en Trinidad en Tobago.

De stêd hat ek histoaryske mienskippen fan Ierske Amerikanen, Italjaanske Amerikanen, Joadske Amerikanen, Poalske Amerikanen en in grut tal oare Europeeske en Midden-Easterske groepen.

Ingelsk is de meast sprutsen taal yn New York, mar de stêd hat ien fan 'e grutste talige ferskaatsten yn 'e wrâld. Yn in grut part fan 'e húshâldings wurdt thús in oare taal as Ingelsk sprutsen.

Njonken Ingelsk binne Spaansk, Sineesk (benammen Mandarynsk en Kantoneesk), Russysk, Bengali, Haïtiaansk-Kreoalsk, Arabysk, Frânsk, Koreaansk en Portegeesk wichtige talen yn 'e stêd.

Yn totaal wurde yn New York mear as 200 talen sprutsen. Dat ferskaat is sichtber yn 'e buertkultueren, media, skoallen en religieuze ynstellingen.

Leeftyd en húshâldings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De befolking fan New York is relatyf jong yn ferliking mei in soad oare grutte Amerikaanske stêden. In grut part fan 'e ynwenners is tusken de 20 en 40 jier âld, wat gearhinget mei de rol fan 'e stêd as sintrum foar ûnderwiis, wurkgelegenheid en kultuer.

Troch de hege wenkosten en it grutte tal allinnichsteande stedslju hat New York in heech persintaazje ienpersoanshúshâldings. Tagelyk wenje der miljoenen gesinnen mei bern, benammen yn Brooklyn, Queens, The Bronx en Staten Island.

Ynkommen en earmoede

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

New York hat grutte ekonomyske ferskillen. De stêd is it finansjele sintrum fan 'e Feriene Steaten mei tige hege ynkommens yn sektoaren lykas finansjeel, technology en media, mar hat ek grutte gebieten mei earmoede.

In part fan 'e befolking libbet ûnder de federale earmoedegrins. De heechste earmoedesifers komme foar yn dielen fan The Bronx, Brooklyn en Queens. De gemeente hat dêrom programma's foar betelbere húsfesting, sosjale stipe en tagong ta sûnenssoarch.

Troch de grutte kulturele ferskaat is New York thús foar in grut tal religieuze mienskippen. Der binne grutte groepen roomske katoliken, protestanten, joaden, moslims, hindoes en boeddhisten. De stêd hat ien fan 'e grutste joadske mienskippen bûten Israel en wichtige mienskippen fan moslims en hindoes.

Berne en stoarn yn New York

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
List fan minsken dy't berne en/of stoarn binne yn New York (stêd)

New York leit oan de eastkust fan de F.S. yn 'e Baai fan New York, dêr't de rivieren de Hudson rivier en de East Rivers yn 'e Atlantyske Oseaan streamt. Trochsneed hichte fan it lân is 6 meter boppe seenivo. It sintrum fan 'e stêd leit op Manhattan, dat tusken de Hudson en East Rivers leit. Om de rivieren hinne lizze de oare stêdsdielen. De stêd hat in oerflak fan 785.6 km².

New York hat fiif stêdsdistrikten The Bronx, Queens, Brooklyn (Kings County), Manhattan (New York County) en Staten Island. It eilân Manhattan is it sintrum fan de wrâldstêd wurden. Om Manhattan hinne lizze trije rivieren: de Hudson yn 't westen, de East River yn 't easten, en de Harlem River yn 't noarden. Manhattan is troch brêgen ferbûn mei Brooklyn, Queens, en de Bronx, en ek mei de steat New Jersey oan de oarekant fan de Hudson.

De fiif boroughs: 1: Manhattan, 2: Brooklyn, 3: Queens, 4: The Bronx, 5: Staten Island
  • The Bronx (ynw. 1.384.724) is New York City's meast noardlike stêdsdistrikt. It Yankee Stadium, dêr't de New York Yankees spylje, en it plak fan de grutste huzenkloft yn de Feriene Steaten dy't koöperatyf eigendom is, Co-op City. Utsein in stikje Manhattan dat bekend is as Marble Hill, is de Bronx it ienichste stikje fêstelân fan de stêd dat in diel is fan de Feriene Steaten. Yn 'e Bronx is rap en de hiphop kultuer ûntstien.
  • Brooklyn (ynw. 2.617.631) is it stêdsdiel dêr't de minsken it tichtst op inoar wenje, en wie oant 1898 ta in selsstannige stêd. Brooklyn is bekend om syn kultureel, sosjaal en etnysk ferskaat, in eigen keunst krite, aparte buorskippen en in unike arsjitektuer. De borough hat in wiid strân en Coney Island, dat yn 1870 stifte is wie it earste ferdivedaasje plak fan it lân.
  • Queens (ynw. 2.316.841) is nei oerflak it grutste borough mei it grutste etnyske ferskaat yn 'e Feriene Steaten. It is it ienichste diel fan de Feriene Steaten dêr't de swarte befolking mear fertsjinnet, likernôch $52,000 yn 't jier, as de wite befolking. Queens hat it Shea Stadium, dêr't de New York Mets spylje, en wêr't alle jierren it U.S. Iepen tennis toernoai organisearre wurd.

Alhoewol't New York op 'e selde hichte leit as de waarmere Jeropeeske stêden Napels en Porto, hat it dochs in sêft kontinintaal klimaat mei kâlde lucht fan it Noard Amearikaanske kontinent. Winterdeis bliuwt it der wat waarmer as oare stêden dy't mear yn 't binnenlân lizze, der falt sa'n 63.5 oant 88.9 sm snie yn 't jier. New York hat in froast-frije rite fan 199 dagen twisken de winters. Yn 'e maitiid en hjerst kin der wolris snie lizze of it is waarm en fochtich, mar it kin likegoed kâld en reineftich wêze. Simmerdeis is it der waarm en fochtich mei in trochsneed temeratuer fan 32 °C.

Moanne Jan Feb Maa Apr Maa Jun Jul Aug Sep Okt Nov Des Yn 't jier
Trochsneed temp. heech °C 3 4 10 15 22 27 30 29 24 18 12 6
17
Trochsneed temp. leech °C -4 -3 2 7 12 17 20 19 16 10 5 -1
8
Reinfal mm 86 84 99 102 112 95 112 104 99 91 127 99
1,124
Boarne: Weatherbase

New York is ien fan 'e wichtichste ekonomyske sintra fan 'e wrâld. De stêd is it grutste finansjele sintrum fan 'e Feriene Steaten en heart ta de wichtichste wrâldstêden op it mêd fan hannel, media, technology, kultuer en ynternasjonale tsjinstferliening. De ekonomy fan New York is tige ferskaat en is net ôfhinklik fan ien inkelde yndustry.

De stêd hat in grut oandiel yn 'e nasjonale ekonomy fan 'e Feriene Steaten en lûkt alle jierren grutte ynvestearrings oan troch har ynternasjonale ferbiningen, heech oplate befolking en rol as haadkertier fan in grut tal bedriuwen en organisaasjes.

Finansjeel sintrum

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De finansjele sektor is it bekendste ûnderdiel fan 'e ekonomy fan New York. Yn Lower Manhattan leit Wall Street, it histoaryske sintrum fan 'e Amerikaanske finansjele wrâld. Dêr binne ûnder oare de New York Stock Exchange (NYSE), de grutste effektebeurs fan 'e wrâld neffens merkwearde, en de NASDAQ fêstige.

Njonken oandielhannel hat New York in grutte rol yn bankwezen, fersekering, ynvestearringsfûnsen, private equity en finansjele technology (fintech). In grut tal fan 'e grutste Amerikaanske en ynternasjonale finansjele bedriuwen hat in haadkantoar of wichtige ôfdielingen yn Manhattan.

Haadkertier fan bedriuwen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

New York is ien fan 'e wichtichste plakken yn 'e wrâld foar haadkertieren fan grutte bedriuwen. In grut tal bedriuwen út de Fortune 500 hat in fêstiging yn 'e stêd. De oanwêzigens fan finansjele ynstellingen, advokatekantoaren, reklameburo's en konsultaasjebedriuwen makket de stêd oantreklik foar ynternasjonale ûndernimmingen.

Technology en ynnovaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't New York tradisjoneel bekendstiet as finansjeel sintrum, is de stêd ek útgroeid ta ien fan 'e grutste technologyhubs fan 'e Feriene Steaten. De technologysektor, faak oantsjut as Silicon Alley, sit benammen yn Manhattan, mar hat ek in sterke oanwêzigens yn Brooklyn en Queens.

Bedriuwen op it mêd fan software, digitale media, keunstmjittige yntelliginsje, finansjele technology en e-commerce hawwe har yn 'e stêd fêstige. De tichte oanwêzigens fan universiteiten, ynvestearders en in grutte arbeidsmerk hat de groei fan dy sektor stimulearre.

Media, reklame en kultueryndustry

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

New York is ien fan 'e wichtichste mediastêden fan 'e wrâld. De stêd is in sintrum foar útjouwerijen, kranten en tydskriften, televyzje, filmproduksje, streamingtsjinsten, muzyk en moade.

De saneamde Madison Avenue waard wrâldferneamd as sintrum fan 'e reklame-yndustry. Ek grutte mediabedriuwen en nijsorganisaasjes hawwe harren haadkertier of wichtige studio's yn New York.

De stêd is ek ien fan 'e wrâldsintra foar moade. Alle jierren wurdt hjir de New York Fashion Week organisearre, ien fan 'e wichtichste moade-eveneminten ynternasjonaal.

Toerisme is in wichtige pylder fan 'e ekonomy fan New York. De stêd lûkt alle jierren tsientallen miljoenen besikers út binnen- en bûtenlân. Belangrike toeristyske attraksjes binne ûnder oare: Statue of Liberty, Times Square, Central Park, Empire State Building, Broadway, Metropolitan Museum of Art, Museum of Modern Art.

Toerisme soarget foar wurkgelegenheid yn hotels, restaurants, winkels, ferfier en de kulturele sektor.

Haven en hannel

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Haven fan New York en New Jersey is ien fan 'e grutste havenkompleksen fan Noard-Amearika. De haven hat in wichtige rol yn ynternasjonale hannel, benammen foar konteners, yndustriële produkten en konsuminteguod.

De geografyske lizzing oan 'e Atlantyske Oseaan en de ferbiningen mei it binnenlân hawwe New York sûnt de santjinde iuw ta in wichtich hannelssintrum makke.

Unreplik guod en bou

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De merk foar ûnreplik guod yn New York heart ta de djoerste fan 'e wrâld. Manhattan is bekend om syn wolkekliuwers, kantoargebouwen en lúkse wenningen, wylst Brooklyn en Queens de lêste desennia sterke ûntwikkeling en ynvestearrings meimakke hawwe.

De bou-yndustry is in wichtige wurkjouwer en spilet in grutte rol yn 'e útwreiding en fernijing fan 'e stêd.

Underwiis en ûndersyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Universiteiten en ûndersyksynstellingen drage ek by oan de ekonomy. Bekende ynstellingen binne ûnder oaren: Columbia University, New York University en de City University of New York. Se leverje ûndersyk, ynnovaasje en in grutte stream fan heech oplate wurknimmers foar de regionale ekonomy.

Wurkgelegenheid en ekonomyske ferskillen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De arbeidsmerk fan New York is tige grut en ferskaat. Der wurkje miljoenen minsken yn 'e stêd, wylst in grut tal minsken alle dagen út omlizzende gebieten nei New York pendelt.

Tagelyk besteane der grutte ekonomyske ferskillen tusken befolkingsgroepen en wiken. Gebieten mei hege ynkommens lizze faak njonken wiken mei legere ynkommens en hegere wurkleazens. De gemeente besiket dy ferskillen te ferminderjen mei belied foar betelbere húsfesting, ûnderwiis en wurkgelegenheid.

Ekonomyske betsjutting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troch de kombinaasje fan finansjele macht, kulturele ynfloed, ynternasjonale ferbiningen en ynnovaasje wurdt New York beskôge as ien fan 'e wichtichste wrâldstêden. De stêd konkurrearret op ekonomysk mêd benammen mei oare grutte sintra lykas Londen, Tokio, Parys en Singapoer.

New York is ien fan de wichtichste ferfiersknooppunten fan de Feriene Steaten. De stêd beskikt oer in wiidweidich netwurk fan diken, spoarlinen, metro's, fearboaten en lofthavens. Troch de grutte befolkingstichtens en de beheinde romte wurdt in grut part fan it ferkear ôfwurke mei it iepenbier ferfier.

De stêd is mei in tal grutte autosneldiken ferbûn mei de rest fan de Feriene Steaten. De wichtichste binne de Interstate 95, Interstate 78, Interstate 87 en Interstate 278. De fiif stedsdielen binne mei-inoar ferbûn troch in grut tal brêgen en tunnels, lykas de Brooklyn Bridge, de Manhattan Bridge, de Queensboro Bridge, de Verrazzano-Narrows Bridge, de Lincoln Tunnel en de Holland Tunnel.

Iepenbier ferfier

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It iepenbier ferfier wurdt benammen fersoarge troch de Metropolitan Transportation Authority (MTA). De New York City Subway is mei mear as 470 stasjons ien fan de grutste metrosystemen fan de wrâld en is 24 oeren deis iepen. Dêrneist eksploitearret de MTA in wiidweidich busnetwurk.

Foar ferbinings mei de foarstêden binne der ferskate foarstêdspoarlinen, lykas de Long Island Rail Road en de Metro-North Railroad. Fierders wurdt de stêd betsjinne troch Amtrak, dat fan Penn Station út ferbinings hat mei ûnder oare Boston, Philadelphia en Washington, D.C..

New York wurdt betsjinne troch trije grutte ynternasjonale lofthavens:

Mei-inoar hearre dy ta de drokste lofthavens fan Noard-Amearika.

De Haven fan New York en New Jersey is de grutste haven oan de eastkust fan de Feriene Steaten. De Staten Island Ferry fersoarget in fergees fearferbân tusken Manhattan en Staten Island en wurdt alle dagen troch tsientûzenen reizgers brûkt. Dêrneist binne der ferskate fearferbinings nei oare parten fan de stêd en de omlizzende regio.

Sport spilet in wichtige rol yn it kulturele en sosjale libben fan New York. De stêd heart ta de wichtichste sportstêden fan 'e wrâld en hat in lange tradysje yn profesjonele sport. Troch de grutte befolking, de ekonomyske krêft en de ynternasjonale útstrieling hat New York in grutte sportmerk mei miljoenen supporters. De stêd hat profesjonele teams yn de fjouwer grutte Noard-Amerikaanske kompetysjes: MLB, NFL, NBA en NHL.

MetLife Stadium
Yankee Stadium
Madison Square Garden

Honkbal hat histoarysk in bysûnder plak yn New York. De New York Yankees, dy't spylje yn it Yankee Stadium yn The Bronx, binne ien fan 'e bekendste en meast súksesfolle sportklups yn 'e wrâld. De klup hat in grut tal World Series-titels wûn en in wichtige rol spile yn 'e Amerikaanske sportskiednis. Yn Queens spylje de New York Mets yn Citi Field. De Mets waarden oprjochte yn 1962 nei it fertrek fan de eardere New Yorkske teams de Brooklyn Dodgers en de New York Giants nei Kalifornje yn de jierren 1950.

Yn it Amerikaansk fuotbal wurdt New York fertsjintwurdige troch de New York Giants en de New York Jets fan de National Football League. Beide teams spylje yn it MetLife Stadium yn East Rutherford, New Jersey, krekt bûten de stedsgrins. It stadion, dat dield wurdt troch beide klups, is ien fan 'e grutste sportstadions fan 'e Feriene Steaten en wie ek it plak fan grutte ynternasjonale eveneminten.

Basketbal hat in sterke ferbining mei New York, ûnder oare troch de lange tradysje fan strjitbasketbal yn wiken lykas Harlem en Brooklyn. De New York Knicks spylje yn it ferneamde Madison Square Garden yn Manhattan en hearre ta de meast bekende NBA-teams. Yn Brooklyn spilet de Brooklyn Nets yn it Barclays Center, in moderne sportarena dy't ek brûkt wurdt foar konserten en oare grutte eveneminten.

Ek iisockey hat in wichtige plak yn 'e stêd. De New York Rangers fan de National Hockey League spylje yn Madison Square Garden en hearre ta de âldste en bekendste iishockeyklups fan Noard-Amearika. De New York Islanders spylje yn it UBS Arena yn Elmont op Long Island en hawwe in sterke oanhing yn 'e foarstêden fan New York.

Fuotbal (soccer) hat de lêste desennia sterk oan populariteit wûn. De stêd wurdt yn 'e Major League Soccer fertsjintwurdige troch New York City FC, dat ûnder oare wedstriden spile hat yn it Yankee Stadium, en de New York Red Bulls, dy't thúswedstriden spylje yn 'e Red Bull Arena yn New Jersey. De groei fan fuotbal wjerspegelet de ynternasjonale befolking fan New York en de tanimmende belangstelling foar de sport yn 'e Feriene Steaten.

In wichtich ynternasjonaal sportevenemint yn New York is it US Open-tennistoernoai, ien fan 'e fjouwer Grand Slam-toernoaien. It wurdt alle jierren hâlden yn it USTA Billie Jean King National Tennis Center yn Flushing Meadows–Corona Park yn Queens. It toernoai lûkt hûnderttûzenen besikers en heart ta de grutste tenniseveneminten fan 'e wrâld.

In oar grut sportevenemint is de New York City Marathon, ien fan 'e grutste marathons op ierde. De wedstriid rint troch alle fiif boroughs fan 'e stêd en lûkt alle jierren tsientûzenen dielnimmers út in grut tal lannen. De marathon is útgroeid ta in symboal fan de ynternasjonale en multykulturele identiteit fan New York.

New York beskikt oer in grut tal ferneamde sportarena's en -stadions, lykas Madison Square Garden, Yankee Stadium, Citi Field, Barclays Center en it USTA Billie Jean King National Tennis Center. Ek de grutte parken, benammen Central Park en Prospect Park, spylje in wichtige rol yn 'e sportkultuer fan 'e stêd troch mooglikheden foar hurdrinnen, fytsen, rekreaasje en amateursport.

Hoewol't New York ferskate kearen besocht hat om de Olympyske Simmerspullen te organisearjen, hat de stêd de Spullen nea krigen. De stêd wie kandidaat foar de Olympyske Simmerspullen 2012, mar de nominaasje gie úteinlik nei Londen.

Troch de kombinaasje fan histoaryske sportklups, wrâldferneamde stadions, grutte sporteveneminten en in tige ferskaat publyk wurdt New York beskôge as ien fan 'e wichtichste sportstêden fan 'e wrâld.

Sicht út it suden wei fan de 'Top of the Rock' yn it tsjuster
Sicht út it noarden wei fan de 'Top of the Rock' oer it Central Park

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.