Mynbou

Mynbou is it op systematyske wize út 'e grûn heljen fan weardefolle geologyske materialen, saneamde dylchstoffen. Dy stoffen wurde neitiid brûkt foar in beskaat doel, dat fan stof ta stof ferskilt. Faak wurdt foar mynbou foarsjennings of ynfastruktuer opset. Mynbou is ferlet fan om oan 'e measte materialen te kommen dy't net út 'e lânbou wûn wurde kinne of syntetysk produsearre wurde kinne yn in fabryk of laboratoarium.
De dylchstoffen dêr't de mynbou him op rjochtet, kinne har befine yn eltse aggregaasjetastân:
- fêste foarm: brânstoffen lykas stienkoal, brúnkoal en uranium; metalen yn suvere foarm, lykas goud en sulver, of as erts, lykas koper en izer; mineralen lykas sâlt; of boustoffen lykas natoerstien, sân, grint en kalkstien.
- floeibere foarm, lykas ierdoalje. (It oppompen fan drinkwetter wurdt net as in foarm fan mynbou beskôge, om't wetter gjin dylchstof is.)
- gaseftige foarm, lykas ierdgas.
Guon dylchstoffen wurde út 'e grûn helle troch earst har aggregaasjetastân te feroarjen. Sa wurdt sâlt by de winning earst oplost yn wetter en dan as floeistof oppompt, wêrnei't it wetter troch ferdamping wer fuorthelle wurdt, sadat sâlt as fêste stof efterbliuwt. Oarsom wurde by de ierdgaswinning krekt net winske, mei it ierdgas fermongen gasfoarmige stoffen troch kondinsearring ferwidere.

In plak dêr't men op grutte skaal nei fêste dylchstoffen graaft, hjit in myn. Lju dy't dêr wurkje, binne mynwurkers. Minen binne faak ûndergrûnsk en kinne dan inkeld berikt wurde troch in fertikale mynskacht. Dêrfoar moat men gauris hûnderten meters delgean. De eigentlike mynbou wurdt dan ferrjochte yn horizontale myntunnels. It wurkjen yn in myn is gefaarlik. Elts jier binne der wol mynrampen, wêrby't tunnels of sels skachten ynstoarte en mynwurkers bedobbe reitsje of yn in isolearre luchtkeamer fêst komme te sitten. Fral yn ûntwikkelingslannen, dêr't it net sa nau nommen wurdt mei de regels (of dêr't hielendal gjin regels besteane) komt soks foar. Ek yllegale mynbou (d.w.s. it ûnfergund bedriuwen fan mynbou) komt dêr in protte foar. Der binne ek minen yn 'e iepen loft, saneamde iepen minen, dêr't in foarm fan mynbou bedreaun wurdt dy't deibou hjit. In iepen myn bestiet ienfâldich sein út in ûnbidich grut gat yn 'e grûn.
Mynbou hat in minne namme yn it ramt fan it miljeu. Faak wurde der gemikaaljen by brûkt dy't neitiid yn oerflaktewetters lykas rivieren of marren loasd wurde. Sok raar guod wurdt ek wol foar jierren en jierren opslein yn dêrta groeven basins, dêr't dan it risiko troch bestiet op trochlekken nei it grûnwetter, dat it basin oerrint of dat de omlizzende dyk trochbrekt, sadat it spul dochs noch yn it oerflaktewetter bedarret. Fierders ferneatiget de deibou it pleatslike lânskip.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
